Skiednis fan de Fryske reklamepriis

It wie 1993 doe’t de Ried fan de Fryske Beweging en de feriening Freonen fan Omrop Fryslân it inisjatyf namen ta it opsetten fan de Fryske Reklamepriis. In priis as middel mei as doel it brûken fan de Fryske taal of in Fryske streektaal yn reklame-uteringen te stimulearjen, sawol kwantitatyf as kwalitatyf.

Yn de 20 jier fan syn bestean hat de Fryske Reklamepriis ferskillende foarmen hân. In lyts begjin mei allinne in radiopriis (1995 en 1997), in grut opsette útrikking op in feestjûn yn de Harmonie, it meinimmen fan publyksstimmen yn kombinaasje mei in saakkundich sjueryrapport. Mar altyd wie de priis der as middel foar itselde doel: it brûken fan de Fryske taal of in Fryske streektaal yn reklame-uteringen oan te trúnjen.

De kommisje Fryske Reklamepriis wurket oan in plan om datselde doel, it fuortsterkjen fan it Frysk taalgebrûk nei te stribjen. Mei itselde middel, ûnder deselde namme, mar dan ikere nei de easken fan dizze tiid en om it doel ek yn de takomst neistribje te kinnen.

In oersjoch fan de winners fan de Fryske Reklamepriis fan 1995 ôf:

Jier Radio Telefyzje
1995 Regionaal Bureau Arbeidsvoorzieningen, Ljouwert
1997 Hart Nibbrig & Greeve BVSassenheim (Mitsubishi-dealer) Te min dielnimmers. Earfolle fermelding Fries Museum
1999 Theater Amicitia, Snits TCT-keukens, Tolbert
2001 Mediamarkt, Ljouwert Fryslân Tapijt
2002 Centrale Bibliotheekdienst Het Friese Land
2003 Weidenaar worst bv Rinsma Women’s Wear, De Gordyk
2004 Vitens Wetterskip Fryslân
2005 Joop Zandberg (fytsen) Tigchel kachels
2006 Akademysk sikehûs Grins(UMCG) Haaima garaazjebedriuw (Wurdum)
2007 De Friese Wouden(thússoarch) Bornmeer útjouwerij
2008 Dokkumer Vlaggen Centrale Provinsje Fryslân (ferkiezings)
2009 Stichting Frysk Festival Agri Retail BV
2010 Vitalis (algemien) Jansma Burdaard (Frâns)
2011 Dong Energy ‘s-Hertogenbosch Resi Wooncentrum Wommels
2012 Fryske Rabobanken Mazzelshop Exploitatie BV
2015 'Klear', Sijperda verhuur