Sjueryrapport

Fryske reklamepriis sjuery

Nynke Rixt Jukema, Timo Weda en Wytze Visser beoardiele de ynstjoerde reklames

Op moandei 7 april beoardielet de sjuery (Nynke Rixt Jukema, Timo Weda en Wytze Visser) 46 ynstjoerings, dy’t meitingje nei de Fryske Reklamepriis 2015. Doel is om ta in seleksje te kommen: de nominearren dêr’t troch it publyk fia ynternet op stimd wurde kin. En yndie, de nominaasje mei de measte stimmen wint de priis: it byldsje fan Grutte Pier, in wike lang ekstra reklame-útstjoertiid by Omrop Fyslân en ‘ivige rom’.

Om ta in krekt ôfwoegen oardiel te kommen sketst de sjuery in ramt en in tal kriteariums.

 

It Ramt

- ‘Fryske Reklame’ is om it samar te sizzen in ‘contradictio in terminis’. Ien fan de skaaimerken fan de Fryske kultuer is dat in Fries himsels net sa gau op it boarst slacht. Hy lit leaver in oar sizze wat syn kwaliteiten binne, as dat er dêrfoar sels ‘reklame’ makket. Dy foarm fan ynbannichheid sit ek ynbakt yn de Fryske taal.
- Hoe moai oft de Fryske taal ek is, wy moatte ús derfan bewust wêze dat it taalgebiet lyts is en dat dizze regio yn saaklik opsicht foaral bestiet út MKB-bedriuwen. Dat hat fansels syn effekt op de reklamebudzjetten en dus op de mooglikheden.

Kriteariums

- De utering moat passe by it DNA fan it produkt/merk. Allinnich dan is wurdt it leaud. De utering moat autentyk en orizjineel wêze. Allinnich dan kin it ûnderskiedend en opfallend wêze.
- Kreativiteit moat tsjinstber wêze oan it boadskip. Allinnich dan kin de doelgroep de uterings goed begripe.
- It Frysk moat op in eigensinnige mar ek natuerlike wize brûkt wurde.
- Gjin wurdgrappen of gjalpen dy't der by de hierren by skuord binne. Dat laat allinnich mar ôf fan it boadskip.

Algemien byld

Spitigernôch moat de sjuery fêststelle dat it meastepart fan de ynstjoerings net foldocht oan de kriteariums. By in protte uterings ûntbrekt wier in idee. En dêr’t wol fan in idee praat wurde kin, snijt dat faak ûnder troch tefolle omtinken foar details. Koartkriemd: hâld dy mear oan it prinsipe “Less is More” en konsintrearje dy op de kearn fan it boadskip.
Neffens in jiermannich lyn sjocht men wol dat de ferbetterjende techniken in geunstige ynfloed hawwe op de produksjes: moaiere bylden, bettere montaazjes, sterkere kombinaasjes fan visuals&audio. Mar likegoed: technyk moat it boadskip en de eigenens fan it merk tsjinje.

De Rinse Westra Karakterpriis

By it beharkjen fan de radiokommersjals kamen wy trije kear de stim fan de hokkerlêsten ferstoarne Rinse Westra tsjin. En alhoewol’t gjin ien fan de radiokommersjals yn oanmerking komt foar in nominaasje, joech Renze mei syn bysûndere stim en diksje ek dizze kear in hiel eigen kleur oan de spotsjes. Eat wat er yn de rin fan jierren wol in stik of tsien kear dien hat. Dat brocht ús op it idee in earbetoan te jaan oan dizze markante akteur: by de folgjende edysje fan de Fryske Reklamepriis kin men in priis takenne oan in karakter (troch stim, mimyk, aktearjen) dat in ûnderskiedend stimpel drukt op (reklame) uterings: De Rinse Westra Karakterpriis.

Bysûnder omtinken

De sjuery wol bysûnder omtinken freegje foar trije uterings dy’t by einsluten net yn oanmerking komme foar in nominaasje om’t se net oan alle kriteariums foldogge, mar lykwols wurdearring fertsjinje om har bysûnderens.

Poster/Abri AH: ‘Wy besoargje no ek yn jo buert”

Wie dat in ûnnoazel fersin of fernimstige opset? Wy litte it mystearje it mystearje. Mar dy poster hong yn de stêd Grins. Fansels jout soks in protte opskuor en publisiteit. Bynammen yn de sosjale media. En de AH-hiemside heakke dêr op yn. Yn alle gefallen in moai besykjen fan AH om ús memmetaal te brûken en sympaty yn ús provinsje te kreëarjen.

AlbertHeijn

 

Titel Wy besoargje no ek yn jo buert
Opdrachtjouwer Albert Heijn
Produsint
Reklameburo
Medium Oars
Hiemside www.ah.nl
Wat docht it bedriuw fierder mei it Frysk AH docht mear oan Frysktalige reklame op strjitte (sjoch bygelyks nei dizze link en dizze link) mar bûten Fryslân wie wol in stunt, oft it no mei opsetsin wie of net.

Poster UMCG

De utering is net bysûnder, lit stean kreatyf en ‘tusken de eagen’. Mar it idee dat men yn in sikehûs jins eigen (streek)taal prate mei en dat kenber makket mei in button is tinkt ús kommunikatyf sterk. It makket fan it UMCG in sympatyk en empatysk sikehûs. Pasjinten en besikers kinne yn it UMCG mear harsels wêze.

umcgStreektaal

 

Titel Streektaalwike yn Grinzer akademysk sikehûs
Opdrachtjouwer UMCG
Produsint
Reklameburo
Medium Oars
Hiemside www.umcg.nl
Wat docht it bedriuw fierder mei it Frysk

Floris-kommersjal fan Meulen & Baarsma

It is in lokwinsk wurdich: in telefyzjespot mei in wrâldstjer op in Frysk bêd. Opmerklik. Rutger Hauer as Floris keart nei 500 jier werom. Aardich idee!. Mar it fersûpt nei 10 sekonden yn oerdreaun omtinken foar details. En nee, jo hoege Rutger net op bêd te bringen om it boadskip te fertellen. Spitich.

Titel Floris
Opdrachtjouwer Meulen en Baarsma Quality beds mei Rutger Hauer
Produsint Enno Feenstra
Reklameburo
Medium Telefyzje
Hiemside www.meulenenbaarsma.nl
Wat docht it bedriuw fierder mei it Frysk Spitigernôch sjoch ik hast gjin Frysk op de hiemside en wurket dy side by my ek net sa bêst. Oan de oare kant ha se wol mear Frysktalige filmkes makke en profilearje se harren wol o sa as Frysk. Ik wit net oft se it Frysk yn de winkel brûke want ik kom der eins nea.